Wrâldbeker fan Epke is 'Wedstriid fan de Wike'

It is derop of derûnder foar Epke Zonderland de kommende moannen. De turner moat him nammentlik noch sjen te pleatsen foar de Olympyske Spelen fan kommende simmer yn Tokio. Kommend wykein stiet de earste wichtige wrâldbeker op it programma yn it Australyske Melbourne. It is de 'Wedstriid fan de Wike'.
Neist de wrâldbeker yn Melbourne moat Epke oer in moanne ek noch turnje yn Bakû yn Azerbeidzjan en in wike letter yn Doha yn Katar. Dat binne de restearjende wedstriden dêr't de rekstokspesjalist him yn sjen litte moat. Yn de wrâldbekerstân stiet er op likense hichte mei de Japanner Hidetaka Miyachi.
"Epke moat noch ien wrâldbeker winne, dan hat er it maksimale tal punten yn de wrâldbeker", seit sportferslachjouwer Andor Faber. "Datselde jildt foar Miyachi. As se beiden noch ien winne, giet it derom wa't de oefening mei de heechste skoare hat. En dus moat Epke eins winne mei in topoefening."
Freed komt Epke yn Melbourne yn aksje yn de kwalifikaasje en snein soe dan de finale wêze fan de rekstok.
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.