Ride op ôffal: griengas tanke kin no ek yn de gemeente Waadhoeke

17 feb 2020 - 17:53

Yn Sint-Anne kin sûnt moandei griengas tankt wurde. It bedriuw OrangeGas fan It Hearrenfean, dat him rjochtet op skjinne brânstof, hat yn it doarp in nije griengastank iepene. It is de earste griengastanklokaasje yn de gemeente Waadhoeke.

Foto: Omrin

Griengas wurdt produsearre út organysk restôffal, dat troch ôffalferwurker Omrin ynsammele en ferwurke is, ûnder oare út de gemeente Waadhoeke. De boarne fan griengas is rioelwettersuvering, ôffalferwurking en gft.

De tank yn Sint-Anne waard moandei offisjeel yn gebrûk naam: duorsumenswethâlder Jan Dijkstra, Meinard Kuiper fan Omrin en Joyce van Os de Man fan OrangeGas tankten in griengasauto ôf. Boppedat krige OrangeGas offisjele griengassertifikaten oanbean, dy't de garânsje jouwe dat it griengas op It Hearrenfean produsearre is út organysk restôffal.

Enerzjytransysje

It griengasstasjon helpt mei oan de enerzjytransysje fan de gemeente. Waadhoeke is dwaande mei in duorsumensaginda, om't de enerzjyfoarsjennings en behoeften feroarje. De gemeente makket foar it opwekken fan elektrisiteit hieltyd mear gebrûk fan duorsume enerzjyboarnen, lykas wyn, sinne en griengas.

(advertinsje)
(advertinsje)