'Help Pake en Beppe de fakânsje troch' yn Fries Scheepvaart Museum yn Snits

17 feb 2020 - 17:32

Al 19 jier ha tal fan Fryske musea yn de foarjiersfakânsje de aksje 'Help Pake en Beppe de fakânsje troch'. Bern kinne dan fergees nei in museum, 'op fertoan' fan in pake of beppe (of in oare folwoeksene). Yn de musea binne ferskate aktiviteiten, spesjaal foar bern. Wat dogge se yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits?

Foto: www.museum.frl

Ferslachjouwer Jeroen Boersma hat de sfear even preaun en prate mei Anke Roorda, edukator by it museum. "Wy ha in gesellige wike foar de boech. Oeral yn it hiele museum is wat te dwaan, fan knutselje oant muzyk meitsje. Der is in spoar fan sân en juwielen makke. De bern kinne skatsykje."

Munten en skelpen

Hy treft ek in groep bern. De begelieder fan dy groep fynt dat de bern it hartstikke goed dogge. "Der lizze sa'n soad skatten en de bern sille alles fan it alderlêste derúthelje om de skatten te finen. Der lizze wol tsien munten yn, ierappels dy't kostber binne, skelpen en in diamant." De bern fine it hiel leuk en fine fan alles.

Doe't 'Help Pake en Beppe de fakânsje troch' begûn, wie it lyts, mei seis musea dy't dêrby belutsen wiene. Doe't it hieltyd grutter waard, is de Museumfederatie oansluten en dy helpt no in hiel soad by it organisearjen fan dit konsept

Ferslachjouwer Jeroen Boersma yn it museum

Tiisdei sjogge we yn Hylpen by Museum Hindeloopen en it Eerste Friese Schaatsmuseum.

(advertinsje)
(advertinsje)