Sportcast: "As it no gjin krisis is by SC Hearrenfean, wannear dan wol?"

17 feb 2020 - 16:00

It wurd "krisis" falt as it oer SC Hearrenfean giet. De ploech fan trainer Johnny Jansen ferlear foar de fjirde kear dit kalinderjier. SC Cambuur wûn troch in doelpunt fan Giovanni Korte mei 1-0 fan Almere City en set de konkurrinsje dêrmei fierder op efterstân. We prate dizze wike mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Dit alles ûnder lieding fan Andries Bakker.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Yn Arnhem wie Vitesse mei 4-2 te sterk. Hearrenfean hat no al 7 wedstriden op rige net mear in kompetysjewedstriid wûn, de lêste oerwinning datearret fan 13 desimber, neffens Arjen de Boer is der sprake fan in sportive krisis. Mar Roelof de Vries is it dêr net mei iens : "It is pas krisis as lulke supporters de bus opwachtsje."

It is pas krisis as lulke supporters de spilersbus opwachtsje.

Roelof de Vries

Oer de oerwinning fan SC Cambuur seit Andor Faber dat it miskien tsjin alle ferhâldings yn wie, mar de blydskip is der net minder om. "Je seagen nei ôfrin dat de spilers it feestje echt fierden, folle mear as oars." Neffens Arjen de Boer is de oerwinning op Almere City "in grutte stap rjochting kampioenskip."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)