PAL GroenLinks stelt fragen oer ûntbrekken 'bed-bad-brood'-foarsjenning

17 feb 2020 - 15:58

Utprosedearre asylsikers moatte in plak ha dêr't se terjochte kinne foar harren earste libbensbehoeften en dêr't se wurkje kinne oan in oplossing. Dat fynt de riedsfraksje PAL GroenLinks yn Ljouwert. De partij skriuwt dat oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

It asylsikerssintrum yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Se stelle de fragen nei oanlieding fan in oprop fan it Diaconaal Platform Leeuwarden en Noodopvang Fryslân. Dy twa ynstânsjes roppe gemeenten op har ferantwurdlikens te nimmen. PAL GroenLinks freget it kolleezje om mei oare gemeenten en organisaasjes te praten oer in 'bed-bad-brood'-foarsjenning.

"Uitgeprocedeerde asielzoekers die niet in Nederland mogen blijven, maar ook niet terug kunnen, gaan nu vaak zwerven", seit riedslid Femke Molenaar. "Ze belanden op straat. Dat is wat ons betreft totaal onacceptabel."

(advertinsje)
(advertinsje)