Woudagemaal op De Lemmer komt wer ûnder stoom

It is fakânsjetiid en dat betsjut dat de bern de hiele wike thús binne. Tal fan musea biede aktiviteiten oan en sa ek by it Woudagemaal op De Lemmer. Dizze wike wurdt it gemaal wer ûnder stoom set. Dat bart tiisdei en duorret oant en mei tongersdei.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Dat ûnder stoom setten betsjut dat alle masines oan gean en dat de tsjettels opstookt wurde. "It is fantastysk om de masines wer oan te setten", leit Sonja Hylkema fan it Woudagemaal út yn it radioprogramma De Middei fan Fryslân.

Hûndert jier

"It is bysûnder dat it Woudagemaal hast hûndert jier bestiet, it is in prachtich gebou en de arsjitektuer is moai om te sjen. De technyk bestiet al sa lang en docht noch altyd syn wurk", fertelt Hylkema. "De bern wurde echt meinaam yn it hiele proses. Dus it is net allinnich sjen hoe't alles yn syn wurk giet."
It hiele idee fan masines oan dwaan, komt om't dan wer nije minsken oplaat wurde. "Dat is de bedoeling fan dizze dagen. Dy planne we meastentiids yn de fakânsjes, sadat in hiel soad minsken derfan meigenietsje kinne."
Sonja Hylkema oer it Woudagemaal yn De Middei fan Fryslân
It Woudagemaal is seis dagen yn de wike iepen, fan 10:00 oere oant en mei 17:00 oere.