Kwalifikaasje foar Grut Frysk Diktee iepen

17 feb 2020 - 15:29

Minsken dy't dit jier meidwaan wolle oan it Grut Frysk Diktee, kinne har fan moandei ôf kwalifisearje. Op de webside fan it Frysk Diktee stiet in kwalifikaasjediktee, dat je oant healweis maart ynfolje kinne.

Foto: Grut Frysk Diktee

Kandidaten dy't dat diktee goed meitsje, kinne in plakje yn de grutte finale bemachtigje. Njonken de kandidaten dy't harren fia it kwalifikaasjediktee kwalifisearje, dogge de fiif bêste eineksamenkandidaten havo/vwo Frysk ek mei oan it diktee.

Steateseal

It Grut Frysk Diktee wurdt op tiisdeitejûn 21 april hâlden, yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. It diktee hat dit jier as tema Frijheid en wurdt skreaun troch de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries.

Foar it diktee wurdt in foarseleksje hâlden, omdat der mear belangstelling is as dat der plakken binne yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. "Dêr kinne sa'n fjirtich minsken sitte", leit Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy út. "De ôfrûne jierren wie de ûnderfining dat der wol hûndert oant hûndertfyftich minsken meidwaan woene. Ja, dan moatte je efkes selektearje."

Spannend

Dat makket de wedstriid ek spannend, seit Sijens. "Sa krijst de toppers, de minsken dy't aardich tûk binne mei it Frysk en dat ek goed skriuwe kinne. Dan is it spannend wa't it fan dy klup wint."

Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy oer de kwalifikaasje foar it Frysk Diktee

Trefwurden: 
Grut Frysk Diktee diktee
(advertinsje)
(advertinsje)