SC Hearrenfean wreidet tal 'partnerklups' flink út

Sportklup Hearrenfean hat it ôfrûne healjier flink wat 'partnerklups' derby krigen. Dat binne amateurferieningen dêr't Hearrenfean mei gearwurket.
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Earder hie de klup in beheid tal ferieningen dêr't mei gearwurke waard. Dat wurke sa goed dat Hearrenfean de opset feroare hat. Mei elkoar hat de klup no 38 partnerklups.
Hearrenfean organisearret ûnder oare by alle thúswedstriden byienkomsten mei dy ferieningen. Dy ha der baat by, want as in klup in fraach hat of earne tsjinoan rint, is der altyd wol in oare feriening mei tips of in oplossing.