Gemalen meitsje oeroeren nei flinke reinbuien

17 feb 2020 - 14:48

De gemalen fan Wetterskip Fryslân meitsje dizze dagen oeroeren, om al it reinwetter fan de ôfrûne wiken ôffiere te kinnen. Op guon plakken yn ús provinsje is it tige wiet, mar de regionale ferskillen binne grut, dat komt troch de wyn.

It nije gemaal de Heining by Marrum is ekstra oanset, om de wetterstân yn Fryslân te ferleegjen. "Dit gemaal is der krekt foar om te helpen by de ôffier fan wetter", fertelt Pier Schaper fan it wetterskip. "It wetter dat noch falt, kin de boaiem net mear opnimme, sjochst ek oeral plassen op it fjild." De gemalen wetterje ôf nei de boezem.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Pier Schaper fan it Wetterskip en leanwurker Harm Scholte by Aldeboarn

De grutte plassen reinwetter dy't op it lân lizzen bliuwe, hawwe ek gefolgen foar de lânbou. Sa kinne boeren en leanbedriuwen op klaai- en feangrûn it lân net op mei de trekker. Wylst it jarjen sûnt dizze moanne wer mei.

"It lân is net sa bêst, it is te wiet. We kinne it lân net op en dus ek net jarje. Dat is lestich ast de put fol hast, dan kinst dus net útride", fertelt Harm Scholte. Hy wurket by in leanbedriuw by Aldeboarn. "Ast wol it lân op giest, rydst it stikken. Dan wurdt it ien grutte binde. We hoopje op in pear drûge dagen."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Gjin mûzen mear

It hege wetter hat ek foardielen, sa is der fan in grut tal mûzen gjin sprake mear. "It is hurd ynkoarte no en it sil no wol effekt ha. Neffens ús binne se no aardich fuort", fertelt Anthony Brak fan leanbedriuw Brak.

Yn de lannen binne dan ek gjin nije mûzegatten mear te finen. "De mûzegatsjes binne gewoanwei farsk, dan kinst sjen dat se berûn wurde. Mar no hie ik it idee dat se net oantaast binne. It liket derop dat der gjin libben mear is. Dus dat soe in goed útgongspunt foar aansen wêze kinne."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

De sifers fan waarman Piet Paulusma oer de lêste 24 oeren:

Lippenhuzen (31 mm)
Surhústerfean (38 mm)
Kollum (28 mm)
Weidum (41 mm)
Akkrum (40,5 mm)
Skylge (14,5 mm)

Yn Ljouwert foel 32 mm oan rein. Dat is in nij rekôr, it âlde rekôr stie op 11 mm yn 1999 op deselde datum. Yn Balk foel 41 mm rein. Dat is itselde as oer de hiele winter fan foarich jier.

(advertinsje)
(advertinsje)