Frjentsjer komt mei 'schoonheidsprijs' foar moaie inisjativen yn de stêd

17 feb 2020 - 14:34

De feriening 'Vrienden van de stad Franeker' hat in bysûndere priis ynsteld. Dizze saneamde 'schoonheidsprijs' is bedoeld foar in stikje stêd dat meihelpt oan it moaie fan de stêd Frjentsjer. Dat kin bygelyks in restaurearre stik gevel wêze of in nijbouprojekt dat goed yn de omjouwing past. Mar it kin ek gean om in tún, of in skulptuer of wat lytsers lykas in fûgelhûske.

Foto: Vrienden van de stad Franeker

Alles kin nominearre wurde foar de Frjentsjerter 'schoonheidsprijs', salang't it mar in partikulier inisjatyf yn de binnenstêd is, dat fan de iepenbiere dyk ôf te sjen is en dat in bliuwend karakter hat. In saakkundige sjuery bûget him oer de ynstjoerings. De winner fan de priis krijt in spesjaal makke tegeltablo.

Trefwurden: 
Frjentsjer
(advertinsje)
(advertinsje)