Mear boargemasters pleitsje foar lanlik messeferbod foar minderjierrigen

17 feb 2020 - 13:53

It moat ferbean wurde dat minderjierrigen messen by har hawwe. Dat moat regele wurde yn de wet. Ferskillende boargemasters yn Nederlân pleitsje foar in lanlik messeferbod, werûnder boargemaster Jan Rijpstra fan de gemeente Smellingerlân.

Messen en oare stekwapens - Foto: ANP

Begjin jannewaris stelde de gemeente Smellingerlân in ferbod yn op it hawwen fan in mes yn de iepenbiere romtes. Dat die de gemeente as reaksje op it stekynsidint dêr't de 16-jierrige Roan Brilstra omkaam. Yn neifolging roppe no ek de boargemasters fan Nissewaard en Ridderkerk op ta in lanlik ferbod op it dragen fan messen troch minderjierrigen. Ek yn dizze gemeenten hawwe de ôfrûne moannen stekynsidinten west dêr't minderjierrigen by belutsen wiene. De boargemasters wize ek op stekpartijen op oare plakken yn it lân.

"We overleggen met elkaar om te kijken wat we samen kunnen doen en of we steun van de Tweede Kamer nodig hebben", seit Rijpstra. Hy hat de risikogebieten yn de gemeente yn kaart brocht. Yn dy gebieten kin, mei tastimming fan it Iepenbier Ministearje, previntyf fûillearre wurde.

Ierappelmeske

In folslein messeferbod is folle dreger. Rijpstra: "Als je het landelijk wilt regelen, zul je dat in de wet moeten verankeren en dat kost natuurlijk meer tijd." Minister Grapperhaus, fan justysje en feiligens, hat al oanjûn dat hy in wet net de bêste oplossing fynt. Grapperhaus: "Je kunt ook met een aardappelmesje de straat oplopen en heel verkeerd gedrag vertonen en iemand neersteken. Je moet ook kijken hoe kun je bepaalde gevaarlijke situaties in gebieden voorkomen." De Twadde Keamer wol wol sjen hoe't de regels oanskerpe wurde kinne.

Goede kontakten

Rijpstra wol der yn elts gefal foar soargje dat der yn de gemeente goede kontakten binne mei skoallen, jongereinwurkers en learlingen sels. "Hoe eerder je een signaal krijgt, des te eerder je kunt optreden. Maar we moeten in Nederland gewoon paal en perk zetten aan het zo gemakkelijk kunnen kopen van messen via internet", seit Rijpstra. "Als minister Grapperhaus niet wil meewerken, heb ik mijn hoop gevestigd op de Tweede Kamer. Je moet ergens beginnen."

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân

In grutte rol yn dit probleem hawwe de âlden. "Je kan als overheid ouders niet verplichten om hun kinderen op een bepaalde wijze op te voeden, maar ze hebben wel de verantwoordelijk om hun kinderen te vertellen wat wel en niet normaal is. Daar ontbreekt het helaas."

Trefwurden: 
Jan Rijpstra messeferbod
(advertinsje)
(advertinsje)