Farmers Defense Force nûget Rutte en Schouten by aksje út

17 feb 2020 - 13:40

Farmers Defence Force hat premier Rutte en minister Schouten útnûge te sprekken op de aksjegearkomste no woansdei yn Den Haag. Boeren protestearje tsjin de stikstofplannen fan it kabinet.

Sy fine dat de argraryske sektor tefolle de skuld krijt fan de stikstofproblematyk. De boeren hawwe de sifers fan it RIVM oer de stikstofútstjit trochrekkenje litten troch it Mesdagfonds. De útkomsten derfan sille tongersdei bekend makke wurde.

Yn groepen op sosjal media wurdt sprutsen fan 200 trekkers dy't ut Fryslân wei nei Den Haag ride.

(advertinsje)
(advertinsje)