Bedriuwen reizgje net nei Sina fanwege coronafirus; kontakt fia mail

17 feb 2020 - 13:17

Fryske bedriuwen begjinne de gefolgen fan it coronafirus yn Sina te fernimmen. Sa hat in tal grutte Fryske bedriuwen mei Sineeske fêstigingen besletten dêr net mear nei ta te gean. Al it kontakt giet no fia de mail en Skype.

Foto: ANP

It giet derby ûnder oaren om Paques yn Balk en suvelkonsern Ausnutria Dairy Group op It Hearrenfean. Dy lêste hat geregeld minsken út Sina op ekskurzje by it bedriuw en ek dat leit no stil.

Produksje

De produksje yn Nederlân en Sina fan de Fryske bedriuwen kin foarearst wol gewoan troch gean. De eksport fan bygelyks molkpoeier foar lytse bern ferrint normaal. Allinnich de distribúsje yn Sina sels ûnderfynt fertraging, mar kin nettsjinsteande gewoan trochgean.

Wurdfierder An Moorman lit wol witte dat it bedriuw de populêre útwikselprogramma's mei sakerelaasjes út Sina foarearst opskood hat. "Die klanten willen graag weten hoe wij onze producten maken", seit se. "Hoewel we veel uitnodiging van delegaties uit Azië hebben liggen, lijkt het ons verstandiger daar voorlopig niet op in te gaan."

HZPC

By jirpelhannel HZPC op De Jouwer fernimme se noch gjin direkte gefolgen. Wol binne der soargen, sa seit direkteur Gerard Backx. "Onze mensen reizen momenteel niet naar China. Dat wil zeggen dat vele zaken meer per mail en telefoon gedaan moeten worden. Dat kan wel even, maar niet voor lang. We willen dicht bij de markt blijven. Vooral als het voorjaar aanbreekt, zouden we er willen zijn."

Wat Backx wol fernimt, is dat der minder patat ferkocht wurdt yn Sina. Minsken geane op it stuit net mear nei de restaurants en op lange termyn sil ek HZPC dêr mooglik de gefolgen fan fernimme. "We leveren ook aan de fritesindustrie. Als bij hun de vraag wegvalt, kan dat ook enig effect hebben op de afzet van onze rassen op termijn." Hoe grut dat effekt wêze sil is mar dreech yn te skatten, sa seit Backx.

"China is al een groot aardappelland, er staan tussen de vijf en zes miljoen hectare aardappelland. Het hele oppervlakte is een keer of drie zo groot dan de oppervlakte in heel West-Europa. We zijn bezig rassen te introduceren voor de verse aardappelmarkt."

Gerard Backx fan HZPC

(advertinsje)
(advertinsje)