Soad stipe foar troch brân troffen Ali Sepet; hy hat hege gunfaktor

17 feb 2020 - 13:09

Tal fan Hearrenfeansters sette har yn foar Ali Sepet, fan wa't syn kleanmakkerij en waskerij twa wike lyn troffen waard troch brân. Dat wie foar de twadde kear binnen trije jier tiid. Nei de earste brân koe er net werom nei syn âlde plak. Mei in protte help begûn Sepet doe opnij. No krijt Sepet wer in soad help. Ien fan har is syn freon Wout de Jong.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"Ali sit der flink trochhhinne. Dat him dit no in twadde kear oerkomt en dat it needlot wer taslein hat, is in drama", fertelt Wout de Jong. "Hy krijt in protte te ferwurkjen. Dêrby krijt er in soad stipe fan de omjouwing, dat is hertferwaarmjend. Hy is noch net oan it wurk, hy sit noch yn de proseduere om der mei eksperts fan de fersekering nei te sjen. Mar it doel is om syn saak op itselde plak sa gau mooglik weriepenje te litten."

By de brân is alle ynventaris oan apparaten ferlern gien. "It is total loss, in griis om te sjen." Skjinmakkers sille de saak tiisdei leechhelje.

Broei yn keukendoeken

Undersyk hat útwiisd wat de oarsaak fan de brân west hat. "Yn de saak hat er in grutte profesjonele drûger te stean. Oan de ein fan de dei, fiif foar seizen, helle er de keukendoeken, dy't er wasket foar hoareka, út de drûger, om dy de oare moarns op te tearen. En yn dy koer mei doeken is nachts broei ûntstien. En dat wylst er sa bang foar brân wie, hy helle alle jûnen alle stekkers út de stopkontakten. Dy doeken ha blykber net drûch genôch west."

By de earste brân yn 2017 joegen minsken Ali Sepet jild, no wurdt neitocht oer it opsetten fan in crowdfunding. "Dan kin er mei deeglik nij materiaal opnij begjinne. Dy aksje sille we jûn beprate."

Wout de Jong

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Gunfaktor

De Jong hat wol in ferklearring foar de stipe foar Ali Sepet. "Hy hat in hege gunfaktor, it is sa'n aardige man. Lêsten hie er foar syn jierdei 600 stikjes baklava makke foar by it kofjedrinken yn tsjerke nei ôfrin fan de tsjinst. De dûmny sei doe treflik dat hy sa goed foar ús soarge, en dat we no foar Ali soargje sille. As in waarme tekken stiet de mienskip om him hinne."

(advertinsje)
(advertinsje)