'Noflik Wenje moat bliuwe': "De relaasje mei Patyna is skeind"

17 feb 2020 - 12:38

It platfoarm 'Noflik Wenje moat bliuwe' fielt him bûtensletten troch soarchorganisaasje Patyna. De groep set him yn foar de takomst fan wensoarchsintrum Noflik Wenje yn Oentsjerk, dêr't minsken wenje dy't demintearje. It sintrum driget takom jier ticht te gean, om't der neffens Patyna te min minsken wenje. It platfoarm wurdt lykwols net belutsen by de syktocht nei in oernamekandidaat.

Foto: Aksjegroep "Noflik Wenje moat bliuwe!"

Neffens Patyna kin it wensoarchsintrum net mear út. Dêrom wurdt der socht nei in oernamekandidaat. Dat giet lykwols net yn oerlis mei it platfoarm. Neffens Dick Provoost fan 'Noflik Wenje moat bliuwe' is dy oernamekandidaat der pas kaam neidat it platfoarm de aksje opset hie. "Patyna sels hat gjin inkele aksje ûndernaam om in oernamekandidaat te finen."

Oplossing foar de lange termyn

Dêrom is Provoost ek sa teloarsteld dat de aksjegroep net belutsen wurdt by de petearen tusken Patyna en de mooglike oernamekandidaat. "Wy wolle as mienskip dat Noflik Wenjen bestean bliuwt. Dan is it dochs ek logysk dat wy as mienskip belutsen wurde by sokke petearen. Want wy sykje no in oplossing dy't it wat langer úthâldt."

Neffens Patyna is it noch te betiid om it platfoarm te belûken by de petearen. Provoost is it dêr net mei iens. "Wy binne noch hielendal net útnûge. Wy ha sels skriftlik kontakt socht mei Patyna om gear te wurkjen, mar dêr ha wy nea in reaksje op hân."

Betrouwen is skeind

Ek is Provoost net te sprekken oer it feit dat in twadde oernamekandidaat net útnûge is troch Patyna foar in petear. Dizze kandidaat soe him melden hawwe by it platfoarm. "Wy ha dizze kandidaat advisearre om kontakt op te nimmen mei Patyna. Mar dy partij hat dêrnei hielendal gjin sifers of ynformaasje krigen, om't Patyna al in hiel ein op streek is mei dy oare oernamekandidaat."

De nije oernamekandidaat moat der no útkomme mei Patyna. Dêrnei sille de petearen folgje mei de behearder fan it gebou fan Noflike Wenje. Provoost hopet dat it platfoarm dan wol belutsen wurdt by de plannemakkerij. "Wy hoopje dat se sa wiis binne om ús dêr by út te nûgjen." Fan Patyna ferwachtet hy net in soad mear. "De relaasje mei Patyna wat betreft betrouwen is skeind."

Dick Provoost fan it platfoarm 'Noflik Wenje moat bliuwe'

Reaksje fan Patyna

Neffens soarchorganisaasje Patyna wurdt der op dit stuit mei in oernamekandidaat praat. Patyna fynt it te betiid om yn dit stadium it platfoarm 'Noflik Wenje moat bliuwe' al oanskowe te litten by dy petearen. Wol hat Patyna twa wiken lyn al om tafel sitten mei it platfoarm. Patyna seit ek dat se allegear itselde doel hawwe: de takomst fan Noflik Wenje yn Oentsjerk feilich stelle.

Trefwurden: 
Patyna Oentsjerk Noflik Wenje
(advertinsje)
(advertinsje)