Bedriuwen fernimme gefolgen coronafirus: ûnderdielen dreech te krijen

17 feb 2020 - 12:36

Guon Fryske bedriuwen rinne mooglik finansjele skea op troch it coronafirus. Sa kinne kompjûterbedriuwen mar dreech oan ûnderdielen komme. En dat wurdt allinnich mar slimmer, seit Linze Riemersma fan Peta PC yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

By Peta PC reparearje se kompjûters foar partikulieren en dy moatte no al mear geduld hawwe foardat se harren kompjûter weromkrije.

"De levertiid fan guon ûnderdielen begjint hurd op te rinnen. Earst wie dat út Sina sa'n 8 dagen, mar no giet der al gau inkele wiken oerhinne", seit Linze Riemersma fan Peta PC yn Ljouwert.

"De gruthannels hawwe no al warskôgingen op harren websiden te stean dat de levertiid oprint", fertelt Riemersma. "En je sjogge ek al by de nije kompjûters dy't út Sina komme moatte dat de priis omheech giet. Der komt krapte op de merk en dat betsjut automatysk dat alles djoerder wurdt."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Linze Riemersma fan Peta PC

Trefwurden: 
Sina bedriuwen Corona
(advertinsje)
(advertinsje)