Auto-ynbrekker yn Drachten trappearre

17 feb 2020 - 12:20

Yn de Drachtster wenwyk De Wiken ha minsken moandeitemoarn betiid in ynbrekker trappearre doe't dy in auto iepenbruts. Se ha de man oanhâlden en oerdroegen oan de plysje.

Foto: Plysje

Yn De Wiken binne de ôfrûne tiid tolve auto's iepenbrutsen. De plysje ûndersiket oft de fertochte dêr ek ferantwurdlik foar is.

De plysje ropt minsken dy't kamerabylden hawwe op om dy beskikber te stellen.

Trefwurden: 
plysje Drachten ynbraak
(advertinsje)
(advertinsje)