Plysje warskôget foar falsk jild op It Hearrenfean

17 feb 2020 - 12:16

De plysje op It Hearrenfean warskôget foar falske biljetten fan tsien euro. Der binne meardere biljetten fûn. De falske biljetten binne yn beslach naam. Der is noch net gjin fertochte oanhâlden.

Foto: pixabay.com

De plysje riedt minsken oan om bankbiljetten goed te kontrolearjen. Koartlyn waarden seis jongeren út de gemeente Súdwest-Fryslân oanhâlden omdat se falske bryfkes fan 50 euro yn omloop brocht hiene.

(advertinsje)
(advertinsje)