Skylge set ANWB-poddestuollen op Marktplaats

17 feb 2020 - 18:09

De ANWB-poddestuollen op Skylge stean te keap op Marktplaats. It giet om de boppekanten fan de poddestuollen. De VVV ferkeapet se omdat der nije poddestoelkappen oanskaft binne. Neffens Michel Aaldering, direkteur fan de VVV, giet it dat it slydjaget. "Ik krijg elke seconde wel een nieuwe melding op mijn telefoon van een bod."

It jild dat de VVV fertsjinnet mei de poddestuollen giet nei in goed doel: it útsjochpunt foar bline minsken en minsken dy't net goed sjen kinne, dat op it Kaapsdún komme moat. De poddestuollen binne snein op Marktplaats set en no al wurde der flinke bedraggen dellein foar sa'n boppekant mei teksten lykas 'Oosterend 3,1 kilometer' en 'West 17 kilometer'.

Der wurde 37 poddestuolen ferkocht. Dyjingnen mei in krekt wat âldere typografy binne it meast populêr, fernimt Aaldering. "De teller staat op dit moment op bijna 11.000 euro wat er al is opgehaald. Gemiddeld betalen mensen zo'n 280 euro voor een paddenstoel."

De reaksjes komme út it hiele lân. Neffens Aaldering hâlde in hiel soad minsken fan Skylge, elkenien hat wol oantinkels oan it eilân. De aksje rint oant en mei 3 maart.

De nije poddestoel - Foto: Omrop Fryslân

Michel Aaldering fan de VVV op Skylge

Ein fan de middei wie de tuskenstân al sawat 16.000 euro. It meast populêr is poddestoel nûmer 32, dêr't ûnder oare op stiet dat it 2,9 kilometer is nei de boat nei Harns. Dêr is yntusken achthûndert euro op bean.

Trefwurden: 
Skylge ANWB-poddestoel
(advertinsje)
(advertinsje)