Beammen yn Balk op 'fakânsje' om romte te meitsjen foar wurk oan kade

17 feb 2020 - 08:38

In beam dy't tydlik op fakânsje giet fanwege wurksumheden op it plak dêr't er gewoanwei stiet: it bart net sa faak. Yn Balk dogge se it wol. Dêr wurde 31 monumintale stobbewylgen lâns de kade fan de Luts fuorthelle sadat de kade oanpakt wurde kin. As alles neffens plan ferrint, steane se yn de maitiid fan 2021 wer lâns it wetter.

Wethâlder Irona Groeneveld is entûsjast oer it plan om de 31 beammen foar koarte tiid te ferhûzjen. Dat moat wol om se te behâlden foar de takomst. De kade is nammentlik oan grut ûnderhâld ta.

Groeneveld: "De peallen fan de kade binne oan ferfanging ta. Yn 2017 ha wy dêrom al plannen makke foar de renovaasje fan de kade. By de plannemakkerij binne ek de bewenners fan Balk belutsen west. Sy joegen oan dat de beammen behâlden wurde moasten."

Projektlieder Maarten van Wely leit út hoe't it útgraven fan de beammen krekt yn syn wurk giet. "In september vorig jaar hebben we de wortels van de bomen al losgemaakt. Daarmee zorgen we er voor dat de wortels nieuwe stukjes wortel aanmaken, zodat ze straks goed wortelen op de nieuwe plek."

Wethâlder Irona Groeneveld en projektlieder Maarten van Wely

Ekspert Ronald Stegink is optimistysk oer it sukses fan it ferpleatsen fan de iuwenâlde beammen. "Ik denk dat het grootste gedeelte van de bomen het zeker gaat overleven. Doel is ook dat ze zo veel mogelijk op dezelfde plek weer terugkomen. We plaatsen ze op een rij en brengen ze in die volgorde weer terug. Dat gaat met zo'n zes tot zeven per dag."

Foar it ferpleatsen fan de beammen is genôch tiid útlutsen. It wurk oan de kade fan de Luts set pas yn oktober útein. Van Wely: "We houden overal rekening mee, zelfs met een mogelijke Elfstedentocht."

Al mei al duorret it wurk oan de kade fan de Luts yn Balk oant en mei 2021. Yn de maitiid fan 2021 sille de beammen werom set wurde op harren plak.

Ronald Stegink oer it ferpleatsen fan de beammen

Trefwurden: 
Balk beam De Luts stobbewylch
(advertinsje)
(advertinsje)