Kollum: "Sporadysk ûngesteld"

17 feb 2020 - 08:26

"Begjin dizze moanne waard de saneamde gymnastykwet oannaam. In wet dy't basisskoallen en middelbere skoallen ferplichtet om minstens twa oeren yn 'e wike gymles te jaan. Doel fan de wet is dat bern mear yn beweging komme. Mar oft it wier helpt, freegje ik my ôf. Ik tink dat it gefolch is dat in soad famkes no aanst acht kear yn 'e moanne ûngesteld binne, yn plak fan ien kear.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Gym wie jierrenlang ien fan myn favorite fakken op skoalle. Hielendal op 'e basisskoalle. Dat feroare doe't ik nei de middelbere skoalle gong. Doe krigen wy nammentlik ek turnjen as gymûnderdiel. En dat fûn ik ferskriklik. Ik hong as in útknypte dweil yn de ringen. Ik skiet sân kleuren op de trampoline. En ik sakke as in ôfkarde fokmerje troch de hoeven as ik de 'handstand' dwaan moast.

Foardat wy ús ferklaaiden, koekeloere ik altyd gau efkes yn de sportseal. Stiene de fuotbalgoals klear of hongen de baskets nei ûnderen, dan wie myn dei goed. Mar seach ik dat de lytse trampoline út it hok helle waard en foar de bok kaam te stean, dan draaide my de mage al om. Ik kin der no midden yn de nacht noch wekker fan skrikke; sa'n gymles fol turntastellen.

Gelokkich hiene wy as froulju ien troef yn hannen. Sporadyske ûngesteldheid. As dosint wie it 'not done' om dêr oan te twiveljen. Mar nei twa kear ûngesteld wêzen yn ien moanne, begong soks fansels op te fallen. Dus notearre de gymlearaar stikem fan elk famke wannear't de reade 'feestweek' wie. By de twadde kear ûngesteldheid wiest de pisang. Dan moast en soest meidwaan. En dus rûn ik 50 minuten mei in segrinige kop troch de gymseal.

En dat is eins skande ast der oer neitinkst. Want dat kin dochs net it doel fan gymnastyk wêze. It doel is just om bern entûsjast foar bewegen te meitsjen, yn stee fan dat se mei in sabeare kwaaltsje op 'e bank hingje. Dus dêr ha ik wat op betocht. Wêrom wurkje wy op de middelbere skoalle net mei gymprofilen?

In gymprofyl heart yngewikkeld, mar neat is minder wier. Kinst kieze út fiif farianten: sport, atletyk, turnjen, bewege op muzyk en kardio. Hâldst fan fuotbal, kuorbal of tennis, dan kiest foar it profyl sport. Gjin gedoch mear mei fûgelnestjes yn 'e ringen of tipsalto's oer de hege kast. Fynst dat just prachtich, dan kiest foar it profyl turnjen. Wolst leaver in bearekondysje ha of dikke spierballen, dan past it profyl kardio prima by dy. Bist gek op heechspringen of hurdrinnen, dan bisto oan it juste adres by it profyl atletyk. En hâldst mear fan de dûnspaskes fan Beyoncé? Dan wurdt it bewege op muzyk.

En wolst nei in healjier wol wer ris wat oars of bist goed yn álle profilen? Gjin probleem. Healwei it jier meist switche fan profyl. Mei wol, mar hoecht net. Sa hast dus altyd in gymles dy'tst écht leuk fynst. Wêr'tst sin yn hast, ek ast echt ûngesteld bist. En ek foar de gymlearaar allinnich mar foardielen. Elk profyl hat nammentlik syn eigen seal of in part fan de seal ta syn beskikking. Dat skeelt hiel wat geskrep mei apparaten en materiaal. Boppedat kinst dy as dosint hielendal fokusje op ien ûnderdiel en krigest allinnich fanatike bern yn dyn les.

Ik sil fêst it ien en oar oer de holle sjen, mar neffens my soe dit plan wier wol wurkje kinne. No noch sjen oft se dêr yn Den Haag linich genôch binne om dit idee yn de nije wet te hink-stap-springen."

(advertinsje)
(advertinsje)