BFVW-foarsitter klear foar earste ljipaai: "Myn learzens lizze al yn 'e kofferbak"

17 feb 2020 - 07:45

Mei de hege temperatueren is de natuer fan slach. Sa stean blommen en planten al yn bloei en ek it bisteryk is al wakker aktyf. Dat jildt ek foar de ljippen. Frans Kloosterman, foarsitter fan it BFVW, ferwachtet dat it earste ljipaai dit jier betiid fûn wurde sil. Hy is der sels al hielendal klear foar. "Ik ha de learzens al yn 'e kofferbak lizzen."

Ljipaaien - Foto: Shutterstock.com

Ferline jier waard it earste ljipaai op 28 febrewaris fûn. Neffens Kloosterman soe dat rekôr dit jier wolris ferbrutsen wurde kinne. "It wurdt wol hieltyd betider. As wy sjogge nei de ôfrûne hûndert jier dan binne wy tsjintwurdich gemiddeld tsien dagen earder mei it finen fan it earste aai."

Neffens Kloosterman hat dat seker ek te krijen mei de klimaatferoaring. Dochs ferwachtet hy net dat it finen fan it earste aai noch hiel bot nei foarren opskowe sil. "Wy sille net mei de krystdagen al it earste aai fine."

It giet min mei de ljip.

Frans Kloosterman, foarsitter fan it BFVW

Dat it earste aai hieltyd earder lein wurdt, is net skealik foar de piken dy't út dizze aaien komme, ferwachtet Kloosterman. "Ut ûndersyk blykt dat it earste aai in hiel sterk aai is. Ferline jier hiene wy fuort nei it earste aai dy drûge perioade, dêr't de piken wol lêst fan hân hawwe. Wat dat betreft is heal maart it meast geunstich om in aai te lizzen."

Ferline jier wie al mei al in goed jier foar de fûgels. Dochs giet it net goed mei de ljip. "It giet min mei de ljip", stelt Kloosterman. "Dat leit net allinnich oan it waar, mar ek mei de omjouwing en de taname yn predaasje."

Frans Kloosterman fan it BFVW

Trefwurden: 
waar BFVW ljipaai
(advertinsje)
(advertinsje)