Brêge Dronryp ticht fanwege 'kreakjend lûd'

17 feb 2020 - 06:49

Koart nei de iepening fan de brêge by Dronryp giet de brêge dizze al wer ticht foar ûnderhâld. By it iepen- en tichtgean fan de brêge is in kreakjend lûd te hearren. Dat wurdt de kommende wike ferholpen.

Hotze Brouwer is projektlieder fan de provinsje en leit út wêr't it kreakjende, tikjende lûd krekt weikomt. "Ut undersyk docht bliken dat it út de assen komt. De brêge is fan stiel en dêrtroch hearst dat hiel goed. Dat soarge foar klachten fan omwenners en fragen fan skippers. Dêrom ha wy it beslút naam om de assen te ferfangen troch nije assen. Dat wurdt de kommende wike dien."

Kosten diele

Brouwer seit mei klam dat de feiligens net yn gefaar west hat. "De brêge draait as in tierelier, mar in brêge heart net te kreakjen." De kosten fan it ferfangen fan de assen wurdt dield tusken de oannimmer en de provinsje. Om hoefolle jild it krekt giet, koe Brouwer net sizze.

Omlieding

Dizze wike wurdt de brêge ûnder hannen naam. Fytsers en kuierders kinne der wol oerhinne. Auto's moatte omride. Skippen dy't leech genôch binne, kinne wol gewoan ûnder de brêge trochfarre.

Projektlieder Hotze Brouwer

Trefwurden: 
brêge Dronryp
(advertinsje)
(advertinsje)