Marianne Thieme: "Oan de griene revolúsje is net te ûntkommen"

17 feb 2020 - 06:29

Oan de griene revolúsje is net te ûntkommen. Hoe't it sentimint yn it lân of de wrâld ek is: de ekonomy feroaret de kommende jierren yngreven. Dat is de oertsjûging fan Marianne Thieme, de âld-partijlieder fan de Partij voor de Dieren. Yn Ljouwert joech se snein in lêzing oer har nijste boek 'Groeiend verzet'.

Foto: ANP

"Als je om je heen kijkt, zie je veel wanhoop bij mensen. Ze zien dat het slechter gaat met de natuur en komen nu in actie. Neem bijvoorbeeld scholieren die staken, maar ook mensen die bedrijfjes beginnen met juist duurzame producten", seit Thieme. Dêr komt har hoop ek wei: "Dit soort ontwikkelingen zijn vaak het begin van verandering."

Je moatte bedriuwen perspektyf biede

Dochs fernimt ek Thieme dat der in soad wjerstân is. Minsken dy't benaud binne foar alle kosten, net witte hoe't se it betelje moatte. Mar ek minsken dy't ûntkenne dat der in probleem is. Thieme: "Vaak als je in een samenleving tegenkracht ziet ontstaan dan ben je al op een kruispunt. Dan sta je op een drempel van verandering. Mensen voelen en zien om zich heen dat het anders is dan anders. Het is armoede dat we om ons heen zien. Maar ik zie ook dat er mensen zijn die bang zijn voor hun toekomst."

Marianne Thieme

Om dy groep, bygelyks boeren dy't yntinsyf buorkje, moatte jo neffens Thieme in goed perspektyf biede: "Dat doet de overheid niet. Ze bieden dat soort bedrijven geen perspectief. Die groep wordt nu gevraagd een offer te brengen maar er staat niets tegenover. dat kan niet."

Dat jildt ek foar de 'gewoane' boarger. As dy no subsydzje krije wol foar it lizzen fan sinnepanielen dan is dat no fierstente dreech. Thieme: "Ik heb net zelf mijn huis duurzaam gemaakt, Je wordt bijkans gek van alle regels. Dat moet makkelijker kunnen maar vooral ook goedkoper. Dan haal je mensen over om toch de stap te zetten."

Der moat wat barre

Neffens Thieme steane we as lân no op in krúspunt en moatte der gau maatregels naam wurde: "Ja, dit is een kantelpunt. Er moet nu iets gebeuren. Kijk om je heen, het is buiten warm. de bosbranden in Australië en noem maar op. Willen we de opwarming van de aarde binnen de perken houden dan moet er echt dit jaar iets gedaan worden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)