Jorrit Bergsma pakt wrâldtitel massastart yn Salt Lake City

16 feb 2020 - 22:56

Op it WK ôfstannen yn Salt Lake City hat Jorrit Bergsma de wrâldtitel op de massastart ferovere. Hy wie yn de einsprint de rapste fan in lytse kopgroep fan fiif man.

Foto: Orange Pictures

Foar Nederlân diene Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga mei oan de massastart by de manlju, dy't oer 16 rondes gie. Yn it begjin fan de wedstriid wie it de Let Silovs dy't ôfstân besocht te nimmen fan it peloton, hy krige trije man mei. Doe't de kopgroep fan fjouwer fuort wie, moast Bergsma oerstekke fanút it peloton wei.

Achter Bergsma foel it stil, en de ynwenner fan Aldeboarn besocht út alle macht oan te sluten by de kopgroep. Dat slagge mei noch fiif rondes te gean. Yn de eftergrûn gie Stroetinga yntusken ûnderút yn it peloton, en hy moast de striid stake.

By it yngean fan de lêste ronde sette Bergsma de sprint yn. Hy koe syn ynspanning folhâlde en pakte sa de wrâldtitel.

(advertinsje)
(advertinsje)