Van der Pal wike lang ûndersyksobjekt tidens swimtraining

16 feb 2020 - 21:46

Lâns de kant fan it swimbad pakt ien fan de medyske begelieders in elastyske earmbân. Ultra-atleet Stefan van der Pal sjocht ûntspannen hoe't de nulle yn syn earmtakke ferdwynt. Trije buiskes bloed letter sit der alwer in stik ferbân om en wurdt it foar Van der Pal hast tiid om syn swimbroek oan te lûken. In nije trainingswike foar syn Swimâlvestêdetocht stiet sneintejûn op it punt fan begjinnen.

Foto: Juan Wiersma

Op it programma dizze wike stean wer in soad trainingsoeren. Fan snein oant moandei 24 oeren, tiisdei en woansdei tolve en fan tongersdei op freed wer 24. Dat alles ûnder strange medyske begelieding fan sportarts Baukje Wiersma en húsdokter en ûndersiker Marco Blanker. Foar beide dokters is it in unike kâns om ûndersyk te dwaan en te sjen wat der bart yn in lichem fan ien dy't sa yntinsyf oan it sporten is.

Oan ien kant azemje

Blanker: "We hebben nu net bloed afgenomen. Dan kijken we naar wat zijn bloedwaarden zijn voor de start van de training. Dan nemen we ook tijdens en na de training bloed af. Dat doen we de hele week. Dan kunnen we eigenlijk precieze bepalingen doen aan zijn lijf."

Baukje Wiersma is in âld-swimster. Der falt har fuort wat op oan de swimtechnyk fan Van der Pal: "Hy sykhellet nei ien kant. Dat kin op in gegeven momint soargje foar pine. Want betink dy datste sa'n beweging tûzenen kearen makkest. Mar goed, hy swimt al in skoft sa en dus is der 'gewenning'."

Foto: Juan Wiersma

It bloed wurdt op alles neisjoen

Blanker is net ûnbekend mei it fenomeen Swimâlvestêdetocht. Hy siet ek yn it begeliedingsteam fan Maarten van der Weijden. Hy wol oan de hân fan de bloedwearden fan Van der Pal sjen oft dy de tocht fysyk oan kin. "Ik denk het wel. Maar je wil toch zekerheid hebben. We willen bijvoorbeeld uitsluiten dat Stefan bloedarmoede heeft. Je wil weten of je aan de veilige kant zit."

Harkje nei de reportaazje oer de training fan Stefan van der Pal

Sa wurdt ûnder de wike ek sjoen nei spierôfbraak en nei it funksjonearjen fan de nieren. Foar de beide dokters is Van der Pal in prachtich ûndersyksobjekt. Blanker: "Absoluut. Want er is bijna geen vergelijkingsmateriaal. Er zijn weinig sporters die zich zo goed laten onderzoeken. De meeste sporters die iets extreems doen, doen dat op het gevoel. Nu zijn we erbij en kunnen we het volgen."

Van der Pal sels lit it allegearre oer him hinne komme. Hy is bliid dat hy wer it wetter yn kin: "Ik heb er zin in. We hadden vrijdag de presentatie van de goede doelen en de datum van de tocht. Nu gaan we verder met de training. Ik voel me goed, heb een rustig weekend gehad en vandaag kunnen we lekker los."

Stefan van der Pal begjint op tongersdei 2 july oan syn swimtocht lâns de Alvestêden. Hy begjint yn Ljouwert by skouboarch De Harmonie. Mei syn tocht wol Van der Pal jild ynsammelje foar trije goede doelen foar bern mei kanker: Stichting Semmy, Make-A-Wish en Stichting KiKa. Minsken dy't sponsorje wolle kinne jild oermeitsje fia de webside it giet mâl.

(advertinsje)
(advertinsje)