Wrâldtitel foar Ireen Wüst op 1500 meter yn Salt Lake City

Op it WK ôfstannen hat reedrydster Ireen Wüst op de 1500 meter de wrâldtitel pakt. Se wie mei 1.50,92 de rapste op it iis fan Salt Lake City. It wie alwer de 21ste wrâldtitel foar Ireen Wüst.
© ANP
Grutte favoryt Miho Takagi kaam foar Wüst yn aksje, en gie nei in tiid fan 1.51,58 ta. Mei dy tiid foar eagen iepene Wüst sterk, ûnder har eigen Nederlânsk rekôr. Har earste ronde wie prima, mar op 1100 meter seach se dat tsjinstanner Lalenkova ûndertroch kaam. Yn de lêste ronde koe se har de Russyske fan it liif hâlde, en se kaam yn 1.50,92 oer de streek. Allinnich doe't se har Nederlânsk rekôr (1.50,70) delsette wie Wüst rapper.
De 33-jierrige Wüst moast nei har rit noch in pear minuten wachtsje, mar seach dat der gjin oare froulju mear ûnder har tiid útkamen. It sulver wie foar Jevgenija Lalenkova úit Ruslân, it brûns gie nei har lânsfrou Jelizaveta Kazelina. Melissa Wijfje, dy't útkomt foar it Gewest Fryslân, waard fiifde.
Sneon waard Wüst noch fjirde op de 1000 meter. Ek wie der in sulveren medalje op de ploege-efterfolging foar de ynwenster fan It Hearrenfean.