Kustwacht hat dit jier al 12 skippen warskôge foar súdlike farrûte

16 feb 2020 - 20:49

De Kustwacht hat dit jier tolve skippen warskôge om net de súdlike rûte boppe de Waadeilannen te nimmen. Dat skriuwt RTV Noord snein. Ferline wike waard al dúdlik dat skippen, ek by stoarm, noch hieltyd de súdlike rûte brûke.

De farrûten boppe de Waadeilannen - Foto: Zembla

De warskôging wurdt jûn omdat de rûte gefaarlik is by golven fan 5 meter en heger. Allinne skippen langer as 300 meter en breder as 40 meter krije sa'n warskôging. Se meitsje kâns de seeboaiem te reitsjen. De ûngeunstige wyn en golven kinne liede ta it kanteljen en slingerjen fan de skippen.

Op advys fan de OVV

De warskôging komt op advys fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid (OVV). Dy docht ûndersyk nei de ramp mei de MSC Zoe yn jannewaris fan ferline jier. It skip ferlear dêrby hûnderten konteners.

Dit wykein hat de Kustwacht fanwegen stoarm Dennis twa skippen in warskôging jûn. Ien dêrfan naam dochs de súdlike farrûte. "Die vond deze route toch veiliger dan de noordelijke route", seit Edwin Granneman fan 'e Kustwacht. It oare skip naam wol in oare rûte. De rest fan de meldingen binne dien by de stoarm fan ferline wykein en earder yn jannewaris.

It berjocht dat skippen warskôget foar de súdlike farrûte:

ZCZC PA60
Netherlands Coastguard
Navigational warning Nr. 60 100915 UTC JAN
TSS Terschelling - German Bight
ships with a length above 300 mtrs and a beam above 40 mtrs
navigating during seas with a wave height above 5 mtrs and
heavy weather conditions are at risk of grounding.
Alternative routing via TSS East Friesland
strongly recommended
NNNN

De Twadde Keamer wol dat de minister de súdlike farrûte by stoarm ticht smyt. Ek soe it advys fan de Kustwacht ferplicht wurde moatte. Ald-boargemaster Albert de Hoop wol dat grutte kontenerskippen altyd oer de noardlike farrûte gean.

Yn dizze fideo leit de Kustwacht út hoe't it warskôgingssysteem wurket:

(advertinsje)
(advertinsje)