UNIS Flyers bliuwe winnen, dizze kear fan Chiefs Leuven

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneintejûn wûn fan Chiefs Leuven. Yn België waard it 2-1 (1-0, 0-0, 1-1) foar de Feansters. Trevor Petersen makke beide goals.
© Margo Mulder, Omrop Fryslân
Yn de earste perioade wiene it de Flyers dy't de skoare iepenen. Mei noch twa minuten te gean wie it Trevor Petersen dy't der 1-0 fan makke foar de Feansters.
Nei't der yn de twadde perioade net skoard waard, makke Petersen der yn de tredde perioade 2-0 fan. De Belgen kamen dêrnei werom yn de wedstriid troch in goal fan Nathan Compere, mar fierder kaam it net foar de Chiefs.
It wie foar de Flyers de twadde winstpartij dit wykein. Sneontejûn wûnen se yn Hearrenfean mei 5-4 fan Herentals. Mei 16 kear winst yn 18 wedstriden stean de Flyers fier boppe-oan yn de BeNe League.