Jenny Douwes: "Wy moatte yn de regio's opdraaie foar de hobby's fan Den Haach"

"Sjoch nei de kazerne yn Seelân, de gaswinning yn Grinslân, mar ek hoe't se omgean mei de boeren." Jenny Douwes is sneintemoarn dúdlik yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries by Omrop Fryslân. Se fynt dat dit kabinet hat gjin each foar de regio.
© Omrop Fryslân, René Koster
Douwes hat dan ek neat op mei it regear yn Den Haag. "Wy moatte yn de regio's opdraaie foar de hobby's fan Den Haag." Se begrypt dat der wat barre moat, want "fansels kin de groei net 'ongebreideld' troch gean, mar de feesteapel troch de helte, dat is it oare uterste."
In fragmint út it nijsfoarum
It smiet in stevige diskusje op mei de foarsitter fan D66 yn Fryslân, Raquel Garcia Hermida-van der Walle fan De Gordyk. Se stiet yn prinsipe efter de tinkwize fan har partijgenoat Tjeerd de Groot, dy't yn de Twadde Keamer pleitet foar de helte minder fee. "Wij moeten naar een nieuw systeem dat goed is voor boeren, voor burgers en de hele maatschappij. Ik heb alle begrip voor de woede en het ongemak bij de boeren, maar we moeten naar een systeem waarin iedereen tot zijn recht komt."
De kleau tusken stêd en plattelân is in 'frame'.
Evert Stellingwerf, PAL-GrienLinks
Ek Evert Stellingwerf, fraksjefoarsitter fan PAL-GrienLinks yn Ljouwert siet op dy koers. De politike timing fan Tjeerd de Groot fûn hy net sa tûk, mar ynhâldlik moat er op termyn wol gelyk krije. "Wy sitte yn de polityk om problemen op te lossen. En dan moat je yn dit dossier net allinnich nei de boeren sjen, mar ek nei de oerheid en de banken. Dy binne ek ferantwurdlik foar dit systeem." Neffens Stellingwerf is de sketste kleau tusken stêd en plattelân in 'frame': "Beide ha wat te winnen by in sûnere lânbou!"
Benijd nei it folsleine oere fan it nijsfoarum fan Buro de Vries? Harkje hjir nei de folsleine útstjoering fan it programma.