Danny Noppert útskeakele yn heale finale, mar wint wol fan Van Gerwen

Danny Noppert fan De Jouwer hat sneintemiddei op it fjirde Players Championship de heale finale helle. Yn it Ingelske Wigan ferlear de 29-jierrige darter dêryn mei 7-2 fan Krzysztof Ratajski út Poalen.
© Orange Pictures
Hichtepunt foar Noppert wie lykwols de kwartfinale: dêr wûn de Jouster foar it earst yn in offisjele wedstriid fan Michael van Gerwen, de nûmer ien fan de wrâld en trijefâldich wrâldkampioen. De Fries pakte rap in foarsprong (3-0), seach Van Gerwen lyk meitsjen mar smiet úteinlik de wedstriid yn alve darts nei him ta: 6-4.
De heale finale is it bêste resultaat foar Noppert yn it nije dartseizoen. Earder snein wûn hy al fan ûnder oare Premier League-spilers James Wade en Nathan Aspinall. Op sneon waard Noppert yn de kwartfinale útskeakele, en smiet hy yn syn twadde partij in 9-darter.