FOTO: Wetteroerlêst yn Fryslân troch stoarm Dennis

16 feb 2020 - 18:12

Troch de rein dy't meikomt mei stoarm Dennis is der sneintemiddei op ferskate plakken yn Fryslân wetteroerlêst ûntstien.

Sa binne der yn Stiens strjitten dy't ûnder wetter stean. Yn Drachten ûntstie der in lytse modderstream by in talúd oan de N31. In part fan it talud sakke dêrtroch yn en kaam op it fytspaad telâne. Rykswettersteat hat in part fan it fytspaad dêrom ôfsletten.

(advertinsje)
(advertinsje)