LDODK yn spannend duel ûnderút tsjin Fortuna

De kuorballers fan LDODK ha sneintemiddei mei 26-28 ferlern fan konkurrint Fortuna. It wie alwer de fjirde nederlaach yn de lêste fjouwer wedstriden foar LDODK. Troch de nederlaach giet Fortuna no oer de Gordyksters hinne yn de kompetysje.
Foar de wedstriid stie LDODK fjirde yn de Kuorbal League, en Fortuna fiifde. In plakje by de earste fjouwer is nedich om mei te dwaan oan de play-offs. LDODK begûn dan ek skerp oan it duel. De Gordyksters krigen in lyts gatsje, en koene it ferskil yn it begjin op twa punten hâlde (6-4). Fortuna woe de thúsploech net te fier fuortrinne litte, en efkes letter kaam de ploech gelyk (10-10). Nei in lytse foarsprong foar de besikers, giene de ploegen mei in likense stân (13-13) it skoft yn.

Fortuna makket it ferskil

Fortuna kaam better út it skoft wei, en hie rap in lyts foardiel te pakken (16-18). Dy lytse foarsprong koe de ploech út Delft in tydsje fêsthâlde (20-22) en sels útwreidzje (21-25). Dochs kaam LDODK werom yn de wedstriid, doe't Erwin Zwart mei in knap skot it ferskil nei 1 punt brocht (25-26). It waard noch hiel even spannend yn de lêste minút, mar Fortuna spile it duel profesjoneel út.
Der binne noch fjouwer wedstriden te gean yn de Kuorbal League. Nei ôfrin fan de kompetysje spylje de boppenste fjouwer ploegen yn de play-offs om it lânskampioenskip.
© LDODK.nl