Keeper Bednarek: "Niet laten aanpraten dat we slecht zijn want dat zijn we niet"

16 feb 2020 - 17:27

Sportklup Hearrenfean gie sneintemiddei yn Arnhem mei 4-2 ûnderút tsjin Vitesse. "Als keeper word je afgerekend op de ballen die je pakt. Ik krijg er vandaag vier om de oren, en dat is heel erg vervelend. Dat wil geen enkele keeper," sa seit keeper Filip Bednarek nei ôfrin.

De keeper fan Hearrenfean, dy't in kâns krijt no't earste keeper Hahn blessearre is, wit net goed hoe't it kin dat syn ploech net goed oan de wedstriid begûn: "Ik kan de vinger niet precies op de zere plek leggen, maar het is een feit dat we veel teveel weggaven vandaag. Als je dat doet, tegen spelers met hun kwaliteiten, wordt het een moeilijk karwei om je daar tegen te verzetten."

'Hoe we winnen maakt me geen klote uit'

Neffens Bednarek moat Hearrenfean wedstriden winne, en hoe makket him neat út: "Of dat nou met 4-3 of 5-2 is, dat maakt me geen klote uit. We hebben een jonge, onervaren ploeg en dat zag er niet goed uit in de eerste twintig minuten. Dit is niet wat we willen."

Dochs tinkt de keeper dat der noch wol wat mooglik is foar de Feansters dit seizoen. "Ik ben positief ingesteld. We moeten ons niet laten aanpraten dat we slecht zijn, want dat zijn we niet."

Zorgelijk

Trainer Johnny Jansen seach dat syn ploech min oan de wedstriid begûn. "We doen een aantal dingen niet goed. Daar maak ik me druk om. We geven te makkelijk de goals weg, dan staan we niet goed, en dat is wel zorgelijk."

Nettsjinsteande it feit dat de Feansters yn de earste helte werom kamen, gie it yn de twadde helte dochs wer mis. "vind dat het elftal goed kan knokken en strijden. Maar als zij dan weer naar 4-2 gaan, dan denk ik nou moet je de strijd maken en dat hebben we twintig minuten niet meer gedaan. Niet omdat die jongens niet willen, maar je komt gewoon overal te laat."

Minuten foar Woudenberg

Lucas Woudenberg, dy't nei it skoft yn it fjild kaam foar rjochtsback Ricardo van Rhijn, wie nei ôfrin min te sprekken oer de wedstriid. "Ik ben geen voetballer geworden om op de bank te zitten. Het enige wat je dan kan doen is hard werken, dat heb ik gedaan. Ik ben blij dat ik weer gespeeld heb, maar niet blij met het resultaat."

Yn duel mei Dicko van Vitesse makke Woudenberg in oertrêding, wêrtroch Vitesse in penalty krige. "Hij ging gewillig naar de grond, maar goed, de VAR bepaalt. Ik baal ervan. Ik baal van heel deze middag."

(advertinsje)
(advertinsje)