Goud foar shorttrack-froulju by relay, sulver foar de manlju

16 feb 2020 - 16:48

By de finales fan de wrâldbeker shorttrack yn Dordrecht ha de Nederlânske froulju de relayfinale wûn. Benammen Suzanne Schulting wie foar Nederlân oppermachtich. De manlju, mei ûnder oare Sjinkie Knegt, pakten yn in moaie wedstriid de kopposysje, mar koene dat krekt net folhâlde.

De Nederlânske froulju, mei Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof, pakten yn it begjin fan de wedstriid de lieding yn de wedstriid. Benammen Ruslân besocht de kopposysje in pear kear oer te nimmen, mar slagge dêr net yn.

Foto: Orange Pictures

Mei noch in pear rondes te gean kaam Súd-Koreä nei foar, mar wie nea in bedriging. Suzanne Schulting moast Nederlân as lêste rider nei de oerwinning bringe, en die dat mei oermacht.

Fryske manlju foar Nederlân

It Nederlânske team dat by de manlju op it iis kaam wie eins in Frysk team, mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Sven Roes en Itzhak de Laat. Sy sochten yn it begjin fan de finale it lêste plakje op. Nei in falpartij fan in Súd-Koreaan koe Nederlân opskowe nei it twadde plak.

In pear rondes letter wie it Sjinkie Knegt dy't de kopposysje foar Nederlân oernaam fan Sina. Spitigernôch rekke Breeuwsma it earste plak letter kwyt oan Kanada. Op de finish besocht Itzhak de Laat it goud noch te pakken, mar hy slagge dêr krekt net yn.

(advertinsje)
(advertinsje)