Bobslider Dennis Veenker fjirtjinde by wrâldbeker Sigulda, tolfde op EK

Bobslider Dennis Veenker fan Damwâld is snein fjirtjinde wurden by wrâldbekerwedstriden yn Sigulda. Tegearre mei piloat Ivo de Bruin sette hy yn de twamansbob yn twa heats twa kear de fjirtjinde tiid del.
© IBSF
Yn de earste run wiene Veenker en De Bruin yn 50.15 beneden. Yn de twadde run wie dat twahûndertste stadiger. Sneon wiene de Nederlanners op deselde baan sechstjinde wurden.

Tolfde op it EK

De wrâldbekerwedstriid yn Sigulda wie ek it Europeesk kampioenskip. Om't Kanada en Súd-Koreä, dy't boppe Nederlân einigen, net yn Europa lizze, binne Veenker en De Bruin tolfde wurden op it Europeesk kampioenskip.