Itzhak de Laat yn wrâldbeker Dordrecht fjirde op 500 meter

16 feb 2020 - 15:33

Shorttracker Itzhak de Laat is by wrâldbekerwedstriden yn Dordrecht yn de finale fan de 500 meter net op it poadium einige. De winst gie nei de Súd-Koreaan Lee.

Foto: Orange Pictures

Dat De Laat yn de finale stie wie knap, mar dochs wie it fjirde plak yn de finale teloarstellend. Hy begûn achteryn yn de finale, en koe net mear nei foar komme. Sven Roes kaam snein ek yn aksje op de 500 meter. De Nederlânsk kampioen waard al yn de kwartfinale útskeakele.

(advertinsje)
(advertinsje)