Schulting en Knegt net nei finale op 1000 meter

Suzanne Schulting en Sjinkie Knegt binne der sneintemiddei net yn slagge om de finale op de 1000 meter te heljen. Schulting gie yn har heale finale ûnderút, wylst Knegt yn syn heale finale diskwalifisearre waard.
© Orange Pictures
Schulting wûn sneon de 1500 meter yn Dordrecht. Se wie al wol wis fan de winst yn it einklassemint op de 1000 meter. Se komt snein noch wol yn aksje yn de finale fan de relay.
Knegt waard diskwalifisearre yn syn heale finale om't hy neffens de sjuery de Italiaan Confortola hindere. Ek Knegt komt snein noch yn aksje op de relay.
Rianne de Vries kaam op de 1000 meter ek yn aksje yn de heale finale. Mei har fjirde plak mei se letter snein dielnimme oan de B-finale. Ek De Vries komt, tegearre mei Schulting, noch yn aksje op de relay.
Rianne de Vries