SC Hearrenfean ferliest fan Vitesse yn doelpuntrike wedstriid

16 feb 2020 - 14:09

SC Hearrenfean hat snein mei 4-2 ferlern fan Vitesse. Yn Arnhem wie de ploech fan trainer Johnny Jansen oanfallend prima, mar ferdigenjend wie it swak oant matich. Mei alle doelpunten wie it in fermaaklike wedstriid.

Foto: www.orange-pictures.nl

Jansen begûn de wedstriid mei deselde alve as tsjin Feyenoord, de wedstriid dy't de Feansters freed fan Feyenoord ferlearen. Ek tsjinstanner Vitesse waard yn de beker útskeakele.

Nei tsien minuten spyljen makke de thúsploech de earste goal. Bryan Linssen seach dat syn tredde kâns raak wie. Net lang dêrnei krige ek spits Tim Matavz in kâns nei in flater fan Dresevic. Each yn each mei de Feanster doelman krige er de bal hurd tsjin de touwen en sette Vitesse nei 16 minuten op in 2-0 foarsprong.

Oanslutingstreffer

Matavz krige noch in grutte kâns, mar dy waard net fersulvere. Rodney Kongolo makke de oanslutingstreffer nei in foarset fan Joey Veerman yn de 29ste minút: 2-1.

Flak dêrnei krige Chidera Ejuke in kâns en wist de lykmakker binnen te sjitten yn de 34ste minút. Like it earst frij kânsleas foar de Friezen, no wie alles wer mooglik.

Flak foar de ein fan de earste helte skeat Mitchell Van Bergen nochris op doel, hy skeat twa meter neist. Ek Ejuke krige noch in kâns, mar syn skot waard blokt. Bednarek slagge der yn om Linssen net nochris skoare te litten.

Foto: www.orange-pictures.nl

Twadde helte

Yn de begjinfaze wienen der mooglikheden foar de Friezen, Ejuke stjitte op Pasveer. Ut in frije traap kopte Doekhi krekt neist de goal. Vitesse skoarde wol yn de 56ste minút de 3-2 mei in stekpass fan Bryan Linssen.

De foarsprong fan de thúsploech waard noch grutter nei't de skiedsrjochter op advys fan de VAR in strafskop oan Vitesse joech nei't Woudenberg in oertrêding makke op Dicko.

Ald-Hearrenfeanspiler Tannane makke de 4-2 troch hurd yn de linkerhoeke te sjitten fan doelman Bednarek, de ferfanger fan Hahn.

Yn de slotfaze wiksele trainer Jansen nochris, hy helle alles út de kast om der noch in lykspul útslepe te kinnen.

Flak foar de ein krige Buitink noch in kâns, mar dy waard keard troch Bednarek. Hajal skeat nochris krekt bûten de 16, mar dy bal gie heech oer. De sân minuten ekstra tiid levere gjin doelpunten mear op, it wie noch spannend mei in skot dat sintimeters neist de peal fan Bednarek gie.

Vitesse wie de bettere ploech yn de twadde helte.

Gjin punt derby

SC Hearrenfean hat nei de winterstop no 1 punt helle út 5 wedstriden.

Vitesse - SC Hearrenfean: 4-2 (2-2) 10. Linssen (1-0), 16. Matavz (2-0), 29. Kongolo (2-1), 34. Ejuke (2-2), 56. Linssen (3-2), 66. Tannane (4-2).

Opstelling SC Hearrenfean: Bednarek, Floranus, Faik (73. Espejord), Ejuke, Odgaard, Van Bergen, Dresevic, Van Rhijn (46. Woudenberg), Botman, Veerman, Kongolo (81. Hajal).

(advertinsje)
(advertinsje)