Stellingwerfske film 'De Verdwenen Peerden' yn premjêre

Yn Aldeberkeap is sneontejûn de Stellingwerfske film 'De Verdwenen Peerden' yn premjêre gien. De koarte film fertelt it ferhaal út likernôch 1824. Yn 2018 wie dat ferhaal ek de basis fan in teäterfoarstelling yn it ramt fan Under de toer fan LF2018.
It ferhaal giet dat yn it tsjerkje fan Nijeberkeap oait twa deade hynders oantroffen binne. De hynders wiene losrekke en nei it hôf fan it doarp gien. Se skûlen yn it tsjerkje dat yn minne steat wie en net mear brûkt waard. Minsken troffen de hynders letter oan.
Filmkollektyf 'Het Kanaal' út Grins hat de film makke yn opdracht fan de Stellingwarver Schrieversronte. It kollektyf bestiet út Patrick Hoving, Wietse de Haan, Janneke Hoek, Sanam Tahmasebi, Evert Prummel, Sander Koning en Muxinghe Chen.