UPDATE: Frachtwein mei molke troch wynpûster fan A32 blaasd, dyk wer frij

16 feb 2020 - 14:39

Op de A32 by Wurdum is sneintemoarn betiid in frachtwein mei molke fan de dyk rekke troch in hurde wynpûster. De wein ried troch de fangrail, kantele op de side en rôle troch de berm. Krekt foar in fiadukt kaam de frachtwein ta stilstân.

Foto: Kappers Media

Alle molke is út de wein fuortstreamd, ûnder oare yn de sleatten. Hoe't it mei de bestjoerder is, is net bekend, mar neffens ien fan de bergers soe it 'aardich' mei him gean.

De A32 tusken de ôfslach Snits en Ljouwert wie ôfsletten, mar is oan it begjin fan de middei wer iepen gien.

Foto: Kappers Media
Trefwurden: 
stoarm A32 frachtwein
(advertinsje)
(advertinsje)