Stoarm Dennis raast oer Fryslân; yn de middei nimt wyn wat ôf

16 feb 2020 - 10:35

Stoarm Dennis raast dizze snein oer Fryslân mei swiere wynstjitten, mar Dennis is minder heftich as stoarm Ciara fan ferline wike.

Foto: Omrop Fryslân

Foar Fryslân is sûnt sneontejûn koade giel fan krêft. It KNMI warskôget it ferkear foar swiere pûsters út súdwestlike rjochting.

Neffens waarman Gerrit Hiemstra hie Ciara wynkrêft 10, no wurdt op syn heechst wynkrêft 9 ferwachte. Benammen oan de kust en op it Waad is de wyn it heftichst. Dêr kinne wynstjitten foarkomme fan sa'n 80 kilometer yn de oere. Yn de middei nimt de stoarm wat ôf.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Waarm

Net inkeld waait it hurd, it is ek nochris útsûnderlik waarm foar de tiid fan it jier. Yn de nacht fan sneon nei snein waard it net kâlder as 10 graden. Oerdeis wurdt it ek myld, mei yn it suden sels 16 graden.

Trefwurden: 
waar stoarm wynstjitten Dennis
(advertinsje)
(advertinsje)