Gaslucht yn Sint-Anne blykt oalje te wêzen
Yn Sint-Anne moast de brânwacht sneontejûn yn aksje komme nei't alarm slein wie om't it yn de Evert C. Slimstrjitte bot nei gas rûkte.
De brânwacht stelde fêst dat it net om in gaslucht gie, mar om oalje, dy't út in stikkene auto it rioel ynlekte. Dat wie yn de hiele buert te rûken.