Bestjoerder rekket fan dyk en ramt meardere auto's yn Wolvegea
Yn Wolvegea hat in 52-jierrige automobiliste út dat plak sneontejûn op de Grindweg meardere parkearre auto's ramd. Ek waard in pealtsje rekke. Troch de klap skeat in tredde parkearre auto troch dy't wer tsjin twa oare weinen botste.
De plysje hat de frou meinommen nei it buro om't se ûnder ynfloed ried.