Nyck de Vries falt út yn Formule E-race yn Meksiko

Formule E koereur Nyck de Vries fan Twellingea is yn de fjirde race fan it seizoen útfallen. Yn Mexico City lei hy op it fiifde plak doe't hy yn kontakt mei in tsjinstanner en fan de baan rekke. De winst gie úteinlik nei Mitch Evans út Nij-Seelân.
© Mercedes-Benz EQ Formula E Team, Twitter
De Vries gie yn Mexico-City as tredde fan start. Yn de earste ronde koe De Vries opskowe nei it twadde plak, doe't Lotterer en Evans kontakt hiene. Lotterer rekke dêrrtroch efkes fan de baan en De Vries koe him ynhelje. Hy sakke dêrnei lykwols gau ôf nei it sechde plak.
It fjild bleaun dêrnei ticht by inoar, om't de safety car op 'e baan kaam. Dat barde om't Nico Müller syn auto yn de muorre parkearde. Yn ronde fiif mocht it fjild wer los. Al gau koe De Vries Lotterer wer foarby komme en opskowe nei it fiifde plakje.

Race oer foar De Vries

Hy hie Robin Frijns foar him en besocht him mei it brûken fan de saneamde 'attack modes' - in tydlike fersterking fan it fermogen fan syn auto - yn te heljen. De Vries kaam tichteby Frijns, mar yn de achttjinde ronde wie it ynienen dien.
De Vries kaam yn kontakt mei Sam Bird en rekke dêrtroch fan de baan. De race wie dêrnei oer foar de Twellingeaster. Ek Bird foel letter yn de wedstriid út.
Yn de earste twa races fan it seizoen waard De Vries sânde en sechstjinde yn Saudy-Arabië. By de tredde race yn Santiago wie hy fiifde. De fiifde race yn it kampioenskip stiet oer twa wiken op it programma. Op 29 febrewaris wurdt riden yn it Marokkaanske Marrakech.