Goud foar Kramer en De Vries op wrâldkampioenskip ploege-efterfolging

By it WK ôfstannen yn Salt Lake City binne de Nederlânske manlju op de ploege-efterfolging wrâldkampioen wurden. De ploech, besteande út de Friezen Sven Kramer en Douwe de Vries en Grinzer Marcel Bosker, pakte goud yn in nij wrâldrekôr fan 3.34,67.
Douwe de Vries:
Goud foar Kramer en De Vries op wrâldkampioenskip ploege-efterfolging

"Dit is in hiel moai ein fan it seizoen"

Douwe de Vries: "Ik bin hjir hartstikke bliid mei. Ik ha net in superseizoen achter de rêch, wie in soad siik. Op belangrike mominten slagge it net, dat is ek sport. Ik bin bliid dat ik mei it team meiride koe en dat it supergoed gong. Dat we in wrâldrekôr ride is fantastysk. Dit is in hiel moai ein fan it seizoen."
It wie wol wennen yn it nije pak. "It sit hiel strak, foaral om de nekke en mei de helm bist ek minder fluch, mar we wienen noch flugger dat we dat kompensearre hawwe. Dat jout wol in kick."
© ANP
Eins soe Patrick Roest mei beide Friezen yn de baan komme, mar hy gie nei ôffallers op de 5 en 10 kilometer earder dit wrâldkampioenskip net fan start. Mei syn ferfanger Bosker kaam Nederlân as earste fan de favoriten yn de baan. Op it rappe Amerikaanske iis ferrûn de race fan Kramer, De Vries en Bosker tsjin Olympysk kampioen Noarwegen hiel goed. Benammen Kramer wie sterk, mar ek De Vries koe op kop in pear rappe rondes delsette.

Japan komt tichteby

Nei de race fan Nederlân gie Japan hiel hurd fan start. Sy rieden in pear rondes ûnder de tiid fan Nederlân, mar koene dat net fêsthâlde. Sy pakten it sulver. Yn de lêste race slaggen ek Kanada en Ruslân der net yn om de tiid fan Nederlân te ferslaan, wol wie der brûns foar Ruslân.
It âlde wrâldrekôr (3.35,60) kaam út 2013 en wie fan Sven Kramer, Jan Blokhuijsen en Koen Verweij. Ferline jier waarden Kramer, De Vries en Bosker ek al wrâldkampioen.