Wüst en De Jong njonken it poadium by 1000 meter op WK ôfstannen

By it WK ôfstannen yn Salt Lake City is Ireen Wüst fan It Hearrenfean fjirde wurden op de 1000 meter. Letitia de Jong fan Feanwâlden waard njoggende. Beiden riden in nij persoanlik rekôr op de kilometer. It goud gie ferrassend nei Jutta Leerdam.
© Orange Pictures
Ireen Wüst fan It Hearrenfean sette in goede race del op it rappe Amerikaanske iis. Sy ferbettere har persoanlik rekôr mei hast in heale sekonde, fan 1.13,16 nei 1.12,64. Dêrmei kaam Wüst krekt njonken it poadium telâne. It ferskil mei it brûns wie trijetsiende fan in sekonde.
De oansteande frou fan Wüst, Letitita de Jong, rekke by de start út balâns en ferlear dêrtroch wat tiid op de earste meters. Dochs wie der ek foar de sprintster út Feanwâlden in nij persoanlik rekôr op de kilometer. Se ferbettere har âlde bêste tiid mei trijetsiende fan 1.13,29 nei 1.12,99.
Letitia de Jong: "Jammer, ik makke in misser by de start en dêrtroch ferlear ik in soad tiid. Ik iepene 18.2 en dat hie wol flugger kinnen. Dan bist al achterop, dat is hiel soer. Ast in medalje helje wolst op dit nivo, dan meist gewoan gjin fouten meitsje en dat ha ik hjoed wol dien. Dat is bale. Mar myn pr lit sjen dat ik wol goed oan it riden bin."
Letitia de Jong

Leerdam ferrast mei goud

Jutta Leerdam ride in nij Nederlânsk rekôr (1.11,84) en pakte dêrmei ferrassend it goud. It twadde plak wie foar Olga Fatkulina út Ruslân, de Japanske Miho Takagi waard tredde.