UNIS Flyers winne tige spannend duel mei 5-4 fan Herentals

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneontejûn mei 5-4 wûn fan HYC Herentals. Op it iis fan it eigen Thialf waard yn in tige spannend duel it ferskil pas yn de tredde perioade makke troch de Feansters (1-0, 0-2, 4-2).
© Omrop Fryslân, Margo Mulder
De Flyers iepenen yn de fjirde minút al de skoare. Nei in moaie oanfal koe Juha Kiilholma úthelje, wêrnei't Brent Janssen der 1-0 fan makke. Mei noch ien minút te spyljen waard der in gat yn it iis fûn. Nei oerlis waard besletten de earste perioade nei it skoft út te spyljen, en dêr fuort de twadde perioade efteroan te dwaan.
Healwei de twadde perioade kaam Herentals op 1-1 troch in goal op de powerplay fan Pancel. Twa minuten letter drukten de Belgen troch, en mei in goal fan Shupe, wer op de powerplay, waard it 1-2.

Goals, goals, goals yn tredde perioade

Oan it begjin fan de tredde perioade makken de Feansters der al nei oardel minút 2-2 fan fia Pippo Limnell. Tritich sekonden letter pakten de Flyers fia Jasper Nordemann wer in foarsprong. Twa minuten letter stie it wer gelyk, doe't Vercammen Herentals op likense hichte brocht. Doe't ek Trevor Hunt syn doelpunt makke, kamen de Flyers wer op foarsprong, en efkes letter koe Kiilholma de foarsprong útwreidzje nei 5-3.
Dêrmei like it dien mei it ferset fan Herentals, mar dêr tochten de Belgen oars oer. Mei noch fjouwer minuten op de klok makke Robert Lepine de oanslutingstreffer, mar tichteby kaam Herentals net mear.
De Feansters bliuwe koprinner yn de BeNe League. Snein spylje de Flyers yn België tsjin de Chiefs út Leuven.