Byrol foar Friezen by trettjinde KPN Maraton Cup yn Tilburg

By de trettjinde wedstriid fan de KPN Maraton Cup op de Ireen Wüst IJsbaan yn Tilburg stie der by de senioaren gjin Fries op it poadium. By de froulju waard Aggie Walsma fjirde, wylst Bart de Vries dat die by de manlju. By de beloften wûn Ids Bouma fan Aldehaske.
© Tims Imaging
By de froulju gie de maraton oer 80 rondes. Yn de earste tritich rondes besochten der hieltyd froulju út it peloton wei te kommen, mar net ien slagge dêryn. Sa no en dan krigen ien of twa froulju wat romte, mar foar't de foarsprong te grut wurde koe, kaam it peloton hieltyd werom by de kop fan de wedstriid.
Mei noch 20 rondes te gean ûntsnapte der in grutte groep fan alve dames, mei ûnder oare Aggie Walsma fan Boalsert derby. Mei noch 5 rondes te gean pakte de kopgroep in ronde foarsprong, en moast de kopgroep it útmeitsje. By it yngean fan de lêste ronde besocht Walsma fuort te kommen, mar se slagge dêr net yn.
Yn de einsprint gie de winst nei Iris van der Stelt, Walsma wie de bêste Friezinne op it fjirde plak.

Bart de Vries fjirde by manlju

De manlju makken yn in wedstriid oer 125 rondes út wa't der winne soe yn Tilburg. Yn it begjin fan de wedstriid besochten ferskate groepkes fuort te kommen, mar it peloton woe gjin manlju ride litte.
Healwei de wedstriid ûntsnapten Frank Vreugdenhil en Mats Stoltenborg. Sy pakten hast hûndert meter foarsprong, en mei help fan in pear ploechgenoaten waard dat sels in hiele ronde. Mei noch 31 rondes te riden koene der fjouwer man oanslute by de koprinners. Dat wiene Bart de Vries, Kars Jansman, Crispijn Ariëns en Bart Hoolwerf.
De seis koprinners fûlen yn twa groepkes fan trije útein yn de lêste 10 rondes. Yn de sprint fan it earste trijetal wie Crispijn Ariëns úteinlik de rapste. Bart de Vries fan It Hearrenfean wûn de sprint fan it twadde trijetal, en waard sa as bêste Fries fjirde.

Aldehaske boppe by beloften

Ids Bouma fan Aldehaske, soan fan âld-maratonrider Haico Bouma, wie de rapste by de beloften yn Tilburg.
Der folget noch ien wedstriid foar't it einklassemint fan de KPN Maraton Cup opmakke wurdt. Dy finale wurdt op sneon 29 febrewaris riden yn Ljouwert.