Aris wit net te winnen fan Den Helder Suns

15 feb 2020 - 21:35

De basketballers fan Aris binne der net yn slagge om Den Helder Suns te ferslaan. Yn Den Helder waard it 76-51. De Ljouwerters stean troch it ferlies ûnder it team út Noard-Hollân yn de kompetysje.

Foto: Aris Ljouwert

De Ljouwerters hiene it fan it begjin ôf oan lestich. Den Helder pakte al gau in grutte foarsprong (24-10), mar Aris koe de skea yn it earste kwart noch beheine ta 26-17. Yn it twadde kwart giene de Ljouwerters lykop mei de Suns, mar yn de stân kamen sy net tichteby: 46-34.

Yn it tredde kwart kamen de Ljouwerters wol efkes tichteby, oant 48-43, mar Den Helder rûn ek wer út ta 56-43. Aris koe it yn it lêste part fan de wedstriid net mear spannend meitsje. De thúsploech rûn sels noch út nei 76-51.

Trijelûk mei Den Helder

Nei it ferlies stiet Aris op it achtste plak yn de kompetysje. De wedstriid yn Den Helder wie de earste wedstriid yn in trijelûk tsjin De Suns. Kommende tongersdei en kommende sneon wurdt opnij tsjin de Suns spile, mar dan foar de beker.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)